FNP rikt prizen út

© Omrop Fryslân
By de nijjiersgearsit fan de FNP yn Ljouwert binne ôfrûne sneon twa prizen útrikt. De Fryske natoer- en miljeupriis gong nei doarpsbelang Lekkum/ Miedum/Snakkerbuorren foar harren krewearjen foar de Bullepolder.
Piet Hein Hilarides út Ljouwert krige de Fryske fytserspriis. Hy fytst sawat 10.000 km yn it jier en is aktyf yn belangeorganisaasjes foar fytsers.