Zwaga sylt net wer foar IFKS

© Omrop Fryslân
Skipper Ulbe Zwaga fan it Ljouwerter skûtsje sil net wer skipperje by IFKSwedstriden. Mei dy tasizzing keart Zwaga in driigjend royemint fan de SKS op. Dat waard sneon dúdlik op de gearkomste fan de feriening fan skippers en harren bemanningsleden.
Nettsjinsteande warskôgings fan de SKS sylde Zwaga ek dit jier prominint mei by de IFKS. Der ûntstie spul.