Boeren poer oer nije sâltwinning

05 jan 2002 - 00:00

De ferienings foar doarpsbelangen yn Noardwest Fryslân sille besykje om nije sâltwinning yn it gebiet foar te kommen. It ministearje fan Ekonomyske Saken sil Frisia Zout BV yn Harns ynkoarten opnij konsesjes jaan foar it winnen fan sâlt.

Benammen de boeren yn it gebiet tusken Harns en Seisbierrum binne poer om't troch de sâltwinning har grûn slim fersakket. Op 31 jannewaris is in aksjejûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)