Nije aksje yn de soarchsektor

© Omrop Fryslân
'Bel de politiek wakker!'. Dat is it biedwurd foar in meldwike foar klachten oer de soarch yn de ferpleechhûzen. De aksje set moandei yn it hiele lân út ein en moat liede ta in swartboek oer de sitewaasje yn de ferpleechhûzen.
Meiwurkers kinne har klachten trochjaan foar in lanlike ynventarisaasje. Yn Fryslân wurdt yn alle gefallen aksje fierd yn Ljouwert, Stiens en Ferwert.