Fear foar de Broekster Boys

© Omrop Fryslân
Fuotbalklub de Broekster Boys út Damwâld hat dit jier de Fear yn 'e Broek-priis wûn. Alle jierren rikt de Ried fan de Fryske Beweging de priis út oan in persoan of organisaasje dy't him it ôfrûne jier ynset hat foar de Fryske taal en kultuer.
De fuotbalklub hat reboelje hân mei de KNVB omdat se harren brieven yn it Frysk opstelden en dat koe neffens it bûn net.