Man stoarn nei mishanneling

© Omrop Fryslân
In 41-jierrige man út Drachten is freed stoarn oan de gefolgen fan mishanneling. Hy wie tongersdei troch in 43-jierrige man mei in skeppe op de holle slein.
It slachtoffer wie mei in oar op besite by de fertochte. It stel krige spul, wêroer is noch net bekend. Nei't de man mei de skeppe slein wie, is er oerbrocht nei it sikehûs. Dêr is er stoarn. De twa oare manlju binne oanholden.