Elsinga debutearret mei 28e plak
Reedrider Rutger Elsinga hat freed by syn earste ynternasjonale optreden net ymponearje kinnen. Hy waard op it EK allround op de 500 meter 28e. Jochem Uytdehaage waard knap fjirde.
Tonny de Jong die aardige saken. Sy waard op de 500 meter tredde. De grutte favoriten by de froulju, Friesinger en Pechstein, waarden ien en twa.