Grientesaak Doldersum fallyt

04 jan 2002 - 00:00

Griente- en fruitsaak Doldersum is fallyt ferklearre. De keten fan grientesaken siet al in skoft yn swier waar. Doldersum hat yn Fryslân alve winkels.

It bedriuw hat yn it hiele Noarden 19 festigings, dêr't mei inoar 85 minsken wurkje. De ûndernimming hat in skuld fan 900.000 euro, sa'n twa miljoen gûne. Mooglik wurdt it bedriuw oernommen en makket it in trochstart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)