Oaljeslachtoffers op Skier

© Omrop Fryslân
De earste oaljeslachtoffers binne tongersdei oanspield op Skiermûntseach. De ferwûne fûgels binne werom set yn see en kinne net holpen wurde om't de Fûgelpits yn Eanjum sûnt 1 jannewaris ticht is.
De Natuer- en Fûgelwacht op Skier wol graach dat de gemeente krewearret foar it weriepenjen fan De Fûgelpits. Boargemaster Fennema sil kontakt opnimme mei syn kollega's fan oare eilannen.