Keninklike Smilde hie goed jier

03 jan 2002 - 00:00

Keninklike Smilde op It Hearrenfean hat in goed jier hân. It fiedingsmiddelbedriuw hat in omsetgroei fan hast tsien prosint berikt. De ôfdieling dierlike fetten hie tsjinslach troch de tonglier en BSE. Bûter en oalje dienen it goed en de bakkerij hie in better resultaat as it jier dêrfoar.

De eksport wurdt hieltyd belangriker. By it konsern wurkje 900 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)