Museum lûkt in soad besikers
De earste dei dat it Frysk Museum yn Ljouwert fergees tagonklik wie, hat in soad besikers lutsen. Likernôch 700 minsken kamen om it hoekje sjen. Dat is hast fiif kear safolle as op in trochsneed woansdei.
De fergese iepenstelling giet om in eksperimint fan in jier. It museum reagearret dêrmei op in oprop fan steatssekretaris Van der Ploeg.