Fermist echtpear Skylge fûn

31 des 2001 - 00:00

It fermiste echtpear op Skylge is terjochte. It pear wie snein op 'e fyts nei de Boskplaat gien, mar net werom kaam. Moandeitemoarn hat der in grutte sykaksje west nei de minsken troch plysje, steatsboskbehear en rêdingsboaten.

Ek wie der in marine-helikopter ynset. It pear is fûn en it die bliken dat de minsken in nacht yn in tintsje op 'e Boskplaat sliept hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)