Ferlies foar Formido Flyers

31 des 2001 - 00:00

De Formido Flyers fan it Hearrenfean hawwe sneintejûn ûnferwachts mei 2-3 ferlern fan Boretti Tigers út Amsterdam. De wedstriid begûn goed foar de Flyers want sy kamen yn de earste perioade op in 1-0 foarsprong te stean.

Yn de twadde perioade gie it mis: Amsterdam kaam op 3-1. Yn de tredde perioade besochten de Flyers it noch wol, mar fierder as 2-3 kamen se net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)