Gevelplaten Achmea fêstset

31 des 2001 - 00:00

De twa lossittende gevelplaten fan de Achmea-toer yn Ljouwert binne moandei wer fêstset. Freed rekken twa fan de platen oan de toer los en dy foelen hast 70 meter nei ûnderen. It die bliken dat de platen mar mei 3 yn stee fan 4 ankers fêst sieten. Ek twa oare platen sieten net goed fêst. Yn de twadde wike fan jannewaris sille alle platen goed kontrolearre wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)