Bemanningslid fan Victoria fûn

© Omrop Fryslân
De plysje hat snein op de Noardsee by Texel it stoflik omskot fûn fan in 49-jierrige ynwenner fan Haarlem. It giet om in opfarrende fan de kotter Victoria, dy't begjin novimber op wei wie nei Dútslân en spoarleas ferdwûn.
Oan board wiene fjouwer minsken, ûnder oaren de eigner, in âld-Ljouwerter. Nei de fynst hat de kustwacht in grutte sykaksje hâlden, dy't neat opsmiten hat.