Fûgelhelling wol útwreidzje

© Omrop Fryslân
It edukaasjesintrum fan de Fûgelhelling yn Oerterp moat mear as twa kear sa grut wurde. De Fûgelhelling hat noch mear útwreidingsplannen. Foar de seefûgels moatte mear hokken en waskrûmte komme.
De bou-oanfraach leit op it stuit by de gemeente. Dy wie al yntsjinne noch foar't bekend waard dat de Fûgelpits yn Eanjum slute sil, sa seit frou Sinnema fan de Fûgelhelling.