De Jong listlûker PvdA it Bilt

29 des 2001 - 00:00

De PvdA yn it Bilt hat Gejo de Jong fan de Westhoeke keazen as listlûker foar de kommende riedsferkiezings op 6 maart. De Jong sit no ek al foar de PvdA yn de ried.

Livarda Domela Nieuwenhuis fan Froubuorren is twadde op de list. Yn it ferkiezingsprogramma stiet it sosjaal-ekonomysk belied op it Bilt sintraal. De partij fynt ek it miljeu wichtich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)