Fryske militêren nei Afghanistan

© Omrop Fryslân
Under de 200 Nederlânske militêren dy't meikoarten nei Afghanistan útstjoerd wurde, binne ek tsientallen Friezen. Se meitsje diel út fan de luchtmobile brigade, ek wol bekend as de reade baretten.
In lytse groep militêren stiet klear om binnen 24 oeren nei Kabul te fleanen. Se sille de komst tariede fan de rest, dy't mooglik op 5 jannewaris dy kant op sil.