Maraton-útstjoering âld-piraten

28 des 2001 - 00:00

Seis radiostasjons binne ferline wike begûn mei in maraton-útstjoering dy't noch duorje sil oant en mei 4 jannewaris. It giet om eardere etherpiraten, wêrûnder ek twa út Fryslân: de Ljouwerter Piraten en de Zilvermeeuw út Hallum.

De beide âld-piraten stjoere tsjintwurdich út fia ynternet. Der wurdt meast Nederlânsktalige muzyk draaid. Fersykjes kinne dien wurde op www.radiodestiny.com

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)