Jah Sound wint Fryske poppriis
Soundsystem Jah Sound International wûn tongersdei ferrassend de sechde Fryske poppriis. Jah Sound krige de foarkar boppe súksesfolle nominearde bands as Luie Hond en Twarres.
De Fryske Poppriis bestiet út in oarkonde en 1500 gûne, dy't útjûn wurde moatte oan in muzykprojekt. Jah Sound International liet foar de poppriis in optreden yn Milaan sjitte.