Oerol krijt twadde haadsponsor

27 des 2001 - 00:00

Oerol krijt der neist haadsponsor Dommelsch, in twadde haadsponsor by. It is Dayzers, de nije lotterij fan de Staatsloterij. It ekstra jild is neffens artistyk lieder Mulder foar kwaliteitsferbettering en -behâld.

It kulturele festival op Skylge is in jierbedriuw dêr't seis minsken wurkje. De begrutting is fjouwer miljoen gûne. De helte moat út publyksynkomsten komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)