Grutte botsing op A7

© Omrop Fryslân
Op de A7 tusken Hearrenfean en Drachten hat woansdei in grutte oanriding west. Seis minsken binne opnaam yn it sikehûs.
By de ôfslach nei De Tynje kaam in auto yn in slip en rekke in oare auto. Doe't ynsittenden dêrfan de wein útkamen, waarden se rekke troch in tredde auto, dy't ek slipte. Yn de file dy't nei it ûngelok ûntstie, botsten noch trije auto's op inoar.