Súksesfolle útstalling ferlingd

26 des 2001 - 00:00

De útstalling Home Made yn Ljouwert is langer te besjen. Fanwege de tarin binne de doarren fan Nieuweweg 1 middeis noch oant en mei 30 desimber iepen.

Op de útstalling is wurk te besjen fan 36 keunstners út binnen- en bûtenlân. Sy brûke by Home Made it ynterieur fan huzen as útgongspunt. De keunstwurken ha faak in gebrûksfunksje, of lykje dat te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)