Woudagemaal springt wer by
Wetterskip Fryslân hat woansdei it âlde Woudagemaal by De Lemmer wer yn gebrûk nommen. It gemaal moat wer mealle om't it wetterpeil alve sentimeter boppe it streefpeil leit.
Fanwege de noardwestewyn kin der net spuid wurde by de slûzen fan Harns en Dokkumer Nije Silen. Ek it Hooglandgemaal by Starum is dizze wike wer tydlik yn gebrûk nommen.