'Wraak is gjin antwurd'

© Omrop Fryslân
Keninginne Beatrix hat der yn har krysttaspraak op wiisd dat wraaksucht gjin goed antwurd is op dieden fan haat. "Oog om oog maakt de wereld blind," sa sei sy yn har taspraak op radio en tillevyzje.
De taspraak stie dúdlik yn it teken fan de oanslaggen op 11 septimber en de gefolgen dêrfan. Neffens de keninginne moat der ferdraachsumens komme en moatte we de dialooch oangean.