Rutger Elsinga nei EK reedriden

24 des 2001 - 00:00

Rutger Elsinga fan Vegelinsoard is troch de KNSB oanwiisd foar de Europeeske Kampioenskippen reedriden yn Erfurt. Elsinga nimt it plak yn fan Rintsje Ritsma, dy't him yn alle rêst tariede wol op 'e Olympyske Spullen.

De 23-jierrige Elsinga is sa bliid as in protter mei syn oanwizing. De EK-ploech bestiet njonken Elsinga út Uytdehaage, Verheijen en Beulenkamp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)