Ferdielde reaksjes op 6 miljard

© Omrop Fryslân
Kommissaris Nijpels is bliid mei de 6 miljard dy't it ryk útlûke wol foar de oanlis fan it Suderseespoar. Mar FNP en PvdA binne kritysker, want it noarden moat ek sels in flinke bijdrage leverje.
De FNP fynt it bedrach te leech, de PvdA wol dat it bedriuwslibben flink meibetellet. It 'noarden' moat binnen in jier de eigen bijdrage boppe wetter hawwe; oars wurdt it in goedkeaper alternatyf.