Gretha Smit wint 3 kilometer

22 des 2001 - 00:00

Maratonrydster Gretha Smit(25) fan Rouveen makket in grutte kâns op meidwaan oan 'e Olympyske Spullen. Op it kwalifikaasjetoernoai yn Thialf ried Smit op 'e 3 kilometer alle konkurrentes nei hûs. Smit waard ôftekene earste yn 4.10.68, mei in foarsprong fan 2, 3 en 4 sekonden op De Jong, Groenewold en De Loor.

Wieteke Cramer kaam net fierder as in 8ste plak yn 4.17.55

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)