Nieuws TV slút kantoaren

21 des 2001 - 00:00

De Noordelijke Media Groep út Meppel konsintrearret alle aktiviteiten fan NieuwsTV Friesland yn Ljouwert. De kantoaren yn Dokkum, Drachten, It Hearrenfean en Snits gean ticht mei yngong fan 1 jannewaris 2002. De Noordelijke Media Groep stapte earder dit jier út de Noordelijke Dagblad Combinatie (NDC).

It kantoar fan Nieuws TV Friesland sit oan it Súdfliet yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)