Ritsma (noch) net kwalifisearre

21 des 2001 - 00:00

It is Rintsje Ritsma tongersdei net slagge om him te kwalifisearjen foar de 5 kilometer yn Salt Lake City. Ritsma waard fjirde op de 5 kilometer. Jochem Uytdehaage waard earste yn 6.30.62, Carl Verheijen twadde, Bob de Jong tredde.

Olympysk Kampioen Gianni Rommi kaam net fierder as it fyfde plakje. Ritsma baalde. "Ik wie yn it neidiel, omdat ik as earste starte moast. It iis wie klote."

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)