Topdrokte by sortearsintrum
De drokste dei is it tongersdei foar it sortearbedriuw fan de PTT yn Ljouwert. Der binne fyftich ekstra minsken ynset om alle krystkaarten op 'e tiid te besoargjen.
Kaarten dy't nei tongersdei op de post dien wurde, falle nei alle gedachten pas nei de feestdagen troch de brievebus. It liket derop dat dit jier wer mear kaarten ferstjoerd wurde.