CDA wol útstel nij gemeentehûs

20 des 2001 - 00:00

De CDA-fraksje yn de gemeenteried fan Dongeradiel wol dat pas nei de ferkiezingen fan 6 maart oer it nije gemeentehûs beslist wurdt. Om't de helte fan de riedsleden net weromkomt, is it better dat de nije ried der oer gear sil, sa fynt it CDA.

De ried praat tongersdeitejûn oer it nije gemeentehûs dat fiif miljoen gûne mear kostet, no 25 miljoen, as skat wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)