Hjoed fan 19.00 nei 18.00 oere

© Omrop Fryslân
Mei yngong fan 4 maart 2002 begjinne de TV-útstjoerings fan Omrop Fryslân in oere earder. De omrop kin earder begjinne troch de finansjele stipe dy't de omrop fan 'e provinsje krijt, de kommende jierren is dat 1,7 miljoen gûne.
It jild is benammen bedoeld foar de TVôfdieling. De omrop sil mei it jild ûnder oaren in nij aktualiteiteprogramma meitsje.