Minder toeristen mei Krysttiid

© Omrop Fryslân
De toeristyske sektor yn Fryslân hat ferlet fan in strange winter. Dat tinkt Thea Meinderts fan it Noord-Nederlands Buro voor Toerisme, it NNBT.
Om Krysttiid hinne komme der nei alle gedachten wat minder minsken nei Fryslân as ferline jier om dizze tiid. De bungalows binne krekt as foarich jier foar trijekwart beset, de hotels dogge it lykwols wat minder.