Mear toeristyske oernachtings

© Omrop Fryslân
It tal toeristyske oernachtings yn Noard-Nederlân is it ôfrûne jier op 'e nij tanommen. Dat makke it NoardNederlânsk Buro foar Toerisme bekend. De groei bedraacht ien prosint.
It NNBT kondige fierders in nije oanpak oan. Oant no ta sitte NNBT en de pleatslike VVV's inoar te folle dwers. It Toerismeburo wol no mear 'ûndersteunend' wurde.