Bakkersgesin oan dea ûntkommen
In bakkerij op West-Skylge is moandeitemoarn folslein útbaarnd. De bakker mei frou en bern boppe de saak koene der krekt op 't tiid út komme. Dêrby moast de man oer in plat dak, in rút ynslaan om in bern te rêden.
De húshâlding is daliks nei it sikehûs brocht. Ien fan de bern hat problemen mei it sykheljen. Mooglik is it fjoer ûntstien troch ûntploffing fan de oven.