'Bin Laden'-saak útiten
De Friese Poort-learling dy't fuort moast fanwege iepentlike Bin Ladensympatyen mei wer op skoalle komme. De jonge folget op de Friese Poort in oriïntaasje-oplieding foar de Lânmacht.
In offisier fan it leger en it Antydiskriminaasjeburo hawwe oer it gefal gear west. Dêrnei is de saak nochris foarlein oan it ministearje fan Definsje.