Sweed Selakovic nei Hearrenfean?

17 des 2001 - 00:00

De kâns is grut dat de Sweed Stefan Selakovic per jannewaris by SC Heerenveen komt. Hy is it hast iens mei de Fryske club oer in kontrakt, mei syn club Halmstad wurdt noch ûnderhannele.

Selakovic (24) skoarde it ôfrûne seizoen fyftjin kear yn 26 wedstriden. Hy soe de tredde Sweed yn Fryske tsjinst wurde. Marcus Allbäck en Eric Edman spylje al by It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)