Rotonde De Jouwer wurdt fernijd

17 des 2001 - 00:00

Rykswettersteat is moandei út ein set mei de wurksemheden by de rotonde op De Jouwer. As earste wurdt de ôfslach rjochting It Hearrenfean oanpakt.

It ferkearsplein yn de A7 kriget yn de spits in protte ferkear te ferwurkjen. Der stean dan ek altyd lange files. Ek bart der wol gauris in ûngelok. De fernijde rotonde moat foar in bettere trochstream soargje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)