Jan Steensma wint fjildrit
Hurdfytser Jan Steensma fan Surhústerfean hat sneintemoarn de nasjonale fjildrit yn Amersfoort wûn. It wie foar de feteraan de tsiende seizoensoerwinning.
Twadde waard Ron van Beek fan Sint Michielsgestel yn Brabân. Adriaan van Londen út it Gelderske Tiel kaam as tredde oer de einstreek.