Trener Gert Kruys ferlit Cambuur

15 des 2001 - 00:00

Trener Gert Kruys sil Cambuur ein fan dit seizoen ferlitte. Kruys hat syn beslút sneon oan bestjoer, direksje en spilers fan de club meidield. De 40jierrige Utrechtenaar is dwaande oan syn fjirde seizoen by Cambuur.

De ploech spile yn '98 noch yn de earedivyzje en einige as 15e. Yn '99 degradeardearre Cambuur. Op it stuit stiet de ploech sechsde yn de earste divyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)