'Earlike spikerbroeken'

© Omrop Fryslân
De stifting Solidaridad ferkeapet no neist Max Havelaar kofje en bananen ek 'earlike spikerbroeken'. De 'Kuyichi', Peruaansk foar 'God fan de reinbôge', wurdt op miljeufreonlike wize makke en de boeren en naaisters yn ûnder oare Brazilië wurkje foar in earlik lean.
Kleanwinkel Verso yn Ljouwert is ien fan de pear winkels yn it Noarden dy't de Kuyichi-spikerbroek ferkeapet.