Iepen wykein St Joseph galery

15 des 2001 - 00:00

De St Joseph galery hâldt dit wykein har jierlike iepen dagen. De galery is beide dagen iepen fan 11.00 oant 18.00 oere. Ek is dit wykein út ein set mei de wintereksposyje. Yn dizze fariearre eksposysje komme ferskate keunstners fan it ôfrûne jier werom, mar komme ek nije keunstners oan bod. De ynternasjonale keramykeksposysje oer kristalglazuren wurdt ek ferlingd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)