Yllegaal fjoerwurk oantroffen

15 des 2001 - 00:00

It fjoerwurkteam fan de plysje hat freed op ferskate plakken yllegaal fjoerwurk yn beslach nommen. Op de rykswei A6, tusken de Lemmer en de Jouwer, is in ynwenner fan Haulerwyk oanhâlden.

Hy hie 100 kilo yllegaal fjoerwurk yn 'e auto. Dêrnei hat de plysje op mear plakken socht. Yn Jobbegea waard noch 125 kilo fûn en yn it hûs fan de man yn Haulerwyk waard ek nochris in pear kilo fûn

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)