Nije jiskewein yn Dongeradiel

13 des 2001 - 00:00

De gemeente Dongeradiel hat in nije jiskewein om it hússmoargens op te heljen. De wein hat in sydlader en wurdt mei in joystick fanút de kabine betsjinne. Der is noch mar ien jiskeman nedich. Mei de wein kin gewoan ôffal en GFTôffal ophelle wurde.

Dongeradiel set de jiskewein útslutend yn it bûtengebiet yn. Der is fiif-enin-heale ton yn ynvestearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)