Ein foar ynfalidensportferiening

13 des 2001 - 00:00

Ynfalide sporters moatte lid wurde fan gewoan falide sportferieningen. Steatssekretaris Vliegenthart wol yntegraasje en op termyn stipet se de handikaptesportferieningen net mear.

De takomst foar de 300 leden fan DOV yn Ljouwert stiet ek faai. Neffens de foarsitter is it idee fan yntegraasje net goed foar de handikapte sporters. DOV leit him net by dy ûntjouwing del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)