Fiskstreuperij stranger oanpakt

© Omrop Fryslân
Fiskstreupers wurde takom jier hurder oanpakt. In team fan tsien man, meiwurkers fan de plysje en de algemiene ynspeksjestsjinst, sil fan 1 jannewaris ôf stranger kontrolearje.
It streupen is in grut probleem yn Fryslân: in fjirde oant in tredde part fan alle fisk wurdt sa fongen. It stribjen is om oer acht jier de streuperij mei tachtich prosint werom te bringen.