Ekstra maatregels 'bystânlûkers'

12 des 2001 - 00:00

Minister Vermeend fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid hat mei Ljouwert en noch 25 oare (middel)grutte stêden ôfspraken makke oer it werom bringen fan it tal minsken dat rjocht hat op in útkearing.

Ekstra maatregels moatte der ta liede dat dizze groep minsken wer oan it wurk kin. De gemeenten meie fan Vermeend earder straffen oplizze oan minsken dy't te min dogge om in baan te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)