Twa húsdoktersposten yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Drachten en It Hearrenfean krije foarearst as iennichste plakken yn Fryslân húsdoktersposten. Takom maitiid begjint it projekt dêr't soarchfersekerer De Friesland him garant foar stelt.
De post is bedoeld foar pasjinten dy't jûns en wykeins gau help nedich ha. Se kinne der sa telâne. By de posten binne 55 húsdokters út de regio belutsen. Oare plakken binne safier noch net.