Krijt ATF in fergunning?

© Omrop Fryslân
De provinsje wol net langer in gedoochfergunning ôfjaan foar ATF Drachten. Der wurdt besocht it bedriuw in echte fergunning te jaan, sadat omwenjenden de kâns krije beswier oan te tekenjen. ATF wol ta op in lytsere ferwurkingshal. No't de plannen konkreet wurde, kin de goede proseduere ynset wurde.
ATF ferwurket gemysk ôffal. It bedriuw stie yn maaie 2000 yn 'e brân.